Wy farden ’s nachts oer wylde see op syk nei in ryk lân
De wyn wie hurd, de weagen heech mar dat die ús neat
Ús skip wie stampfol laden mei bier, mear bier en bier
Wy sochten om Britannje mar kamen net sa fier
Hva faen sjonge wy, hva faen...
Hva faen sjonge wy, hva faen...
Hva faen sjonge wy mei it bier yn 'e strôt en de hoarn yn'e hân rint it focht ús oer de lea
Hva faen sjonge wy en wy drinke derbei oantemei ús dea!
Hva faen Sjonge wy mei it bier yn'e strôt en de hoarn yn'e hân rint it focht ús oer de lea
Hva faen sjonge wy en wy drinke derby soks seagen wy nea!
Gjin kleastertoer as tekens yn ‘e nacht
Doe ieniens mei in klap rekken wy wat hurds
Wy wisten neat om te dwaan, wy hiene te folle hân
Wy sonken dronken yn de see en nergens wie noch lân
It deiljocht kaam en it tsjuster gie, en wy spielden oan op’t strân
Mar dit wie net Brittanje...nee dit wie it Fryske lân
Wy bleaune mar yn Fryslân jawis en wurklik wier
Want dy mannen fan it Fryske lân dy drinke ek graach bier!
Nei in skoft hienen wy har froulju en sprutsen wy har taal
No tûzen jieren letter hearre jimme ús ferhaal!