Песня Vida triste в исполнении Nynke Laverman - слушать онлайн в хорошем качестве или скачать трек в Mp3 бесплатно на ПК или телефон.
2:32 MP3, 6.1MB, 160kb/s
Текст песни Nynke Laverman - Vida triste
Vida Triste LyricsIvige drôvens ferneare
Moat elts dy't him te bot oan 't leavjen wijt;
Nea wie myn hert by steat te kearen
De leafde dy't troch de siel snijt
Op 'e nij socht myn tramtearre hert
Fergees dyn boarst en lis him dêr ta rêste
't Raast om treast foar in toarstich ferlet
Troch lust net te dwêsten
Eltse die moat men belije
Ûntkomme oan boetsjen kin men nea
Oant de gleonens fan it lêste swiete frijen
Fertarret yn 'e dea
Hoe lang kin men soms omearmje
Ien kear is de tiid wer oer;
Kin men himsels dan nea beskermje
En deadzje dat ferflokte fjoer?
Ik wit: leafde is sûnde
Straf giet dêrom net oan my foarby:
Foar ivich wurdt myn hert ferwûne
Troch immen dy't nea joech om my