Песня O enjeitado в исполнении Nynke Laverman - слушать онлайн в хорошем качестве или скачать трек в Mp3 бесплатно на ПК или телефон.
5:03 MP3, 12MB, 160kb/s
Текст песни Nynke Laverman - O enjeitado
O Enjeitado LyricsYn my ûntwuollet him wêroan't ik stjerre sil:
Oan de iggen fan 'e Taag
't Ofrinnend giel, it streamen traach
Nearne is it moaier en drôver
En 't bestean ferheven en ferdôvjend
By't ljocht fan 'e dei strún ik om oer de prado's
By't tsjuster hear ik de fado's
Kleien oant djip yn 'e nacht:
"A vida é imensa tristura" –
De kwaal dy't wachtet krijt my stadich yn 'e macht
Hjir hat it sin om te stjerren
Wêr't alles swolget, gleon swolget yn smert:
Lisboa, ea stêd fan alle stêden
Tôgjend mei 't ferline oant no ta
Ruïnes mei rom betiizjend
Warleas wurd ik troch dizze waan betoov're
Ek ik haw ûntdutsen en feroov're
En oan 'e ein gie 't wer teloar
Om hjir te stjerren: "tudo é dor"